Yllegaal fjoerwurk yn Dokkum

12 des 2006 - 10:18

In man út Dokkum (23) is moandeitemiddei troch de plysje oanhâlden foar it yn it besit hawwen fan yllegaal fjoerwurk. De man hie thús acht doazen mei 160 nitraatbommen te stean. De plysje kaam de Dokkumer op it spoar nei in tip.

Al it fjoerwurk is yn beslach nommen. Nei ferhear op it plysjeburo en it opmeitsjen fan in proses-ferbaal mocht de Dokkumer wer nei hûs ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)