Yllegaal fjoerwurk op It Fean

21 des 2012 - 11:46
  • (fotofoarbyld)

De plysje hat tongersdei op It Hearrenfean fiif doazen mei swier yllegaal fjoerwurk yn beslach naam. Der wie in melding binnenkaam dat der yn in hûs oan de Beugel op It Hearrenfean fjoerwurk te finen wie. By ûndersyk fûn de plysje de fiif doazen op in sliepkeamer. Der sieten mortieren, grananten, nitraatbommen en flinterbommen yn. It fjoerwurk is yn beslachnaam. De 40-jierrige bewenner waard meinaam nei it buro, mar letter wer frijlitten. Hy seit dat it fjoerwurk net fan him is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)