Yllegaal fjoerwurk dochs legaal

24 des 2003 - 00:00

De gemeente Snits hie it by it ferkearde ein doe't de gemeente sei dat der 40 ton yllegaal fjoerwurk lei by transporteur Post. It fjoerwurk is fan firma Evuco en wurdt troch Post nei winkels yn it hiele lân ferfierd.

Fan yllegale praktiken is gjin sprake, sa die bliken. De transporteur hat nammentlik wol in fergunning foar de opslach. Ek hie Post net mear as 25 ton fjoerwurk yn 'e saak yn plak fan 'e 40 ton, dy't de gemeente neamde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)