Yllegaal fakânsje yn wenhûs

26 apr 2009 - 10:34

Pleatslik Belang Hylpen hat opnij by de gemeente Nijefurd oan de belle lutsen oer gewoane wenhuzen dy't as fakânsjehûs brûkt wurde. Yn Nijefurd is dat ferbean. Mar it bart wol.

Pleatslik Belang makket him der drok oer, omdat it in soad ympakt hat op in lytse mienskip as gewoane huzen mar in part fan it jier bewenne wurde. Nijefurd treedt ek op yn sokke gefallen. Pleatslik Belang Hylpen hat fan 'e wike wer twa foarbylden ûnder de oandacht brocht by de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)