Yllegaal deade bisten by de dyk

13 apr 2001 - 00:00

Oan 'e dyk by in molkfeebedriuw yn Nijlân binne tongersdeitenacht sân deade lamkes, in geitsje en in kealtsje dumpt. De boer ûntduts de kadavers ta syn ferbjustering doe't er syn eigen deade bisten by de dyk lei en ôfdekke woe.

De plysje, NLTO en algemiene ynspeksjetsjinst binne warskôge. De AID hat gjin bloedmeunsters ôfnommen. Rendac hat it deade fee meinommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)