Yllegaal asbest ferwidere

21 jun 2011 - 10:42

In 31-jierrige ynwenster fan Oentsjerk is op de bon slingere omdat se sûnder tastimming fan de gemeente asbest fan in hok helle hat.

De plysje kaam hjir achter, omdat se in melding fan brân yn de âld skuorre oan de Wynzerdyk krigen. Doe seagen se dat der mear as 50 kante meter asbest fan it hok helle wie. It gefaarlike asbest lei gewoan by de frou op it hiem. De frou krige hjirfoar in bekeuring, want dit is nammentlik in saneamd ekonomysk delikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)