Yldau Bylsma wint Sjong 2008

18 apr 2008 - 00:00
  • De priiswinners fan SjONG

De 18-jierrige Yldau Bylsma fan Weidum is tongersdei winner wurden fan Sjong 2008, it Frysk sjongfestival foar learlingen yn it fuortset ûnderwiis. Sy song in Frysktalige bewurking fan it nûmer 'Bijzonder' fan it duo Veldhuis & Kemper. De sjuery wie bot ûnder de yndruk fan Yldau har goeie stim, de tekst en har kreativiteit.

Sjong is in inisjatyf fan it Frysk Taalsintrum en tv-programma Linkk. De publykspriis gong nei Fenne van der Meulen (14) fan Britsum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)