Ykema jout les yn Ljouwert

22 okt 2010 - 09:49
  • Jan Ykema (foto: Martin de Jong)

Learlingen fan de reedrydskoalle yn Ljouwert krije sûnt koarten les fan Jan Ykema. Dy wûn earder ferskate sprinttitels, mei as hichtepunt in sulveren medaille op de 500 meter by de Olympyske Spelen yn 1988 yn Calgary.

Ykema wurket ek as assistint-trainer by de APPM-reedrydploech. Op de reedrydskoalle yn Ljouwert wurdt les jûn oan 6000 learlingen fan 180 basisskoallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)