Yildirim yn foarriedige seleksje

09 mrt 2005 - 10:02

SC Heerenveen-spiler Ugur Yildirim is opnommen yn de foarriedige seleksje fan it Nederlânske alvetal foar wedstriden tsjin Roemenië en Armenië letter dizze moanne. Nêderlân spilet op sneon 26 maart út tsjin Roemenië en woansdei 30 maart thús tsjin Armenië. Bûnscoach Marco van Basten makket nije wike freed de definitive seleksje bekend.

Yildirim spile oant no ta ien oefenduel foar Oranje: yn febrewaris as ynfaller tsjin Ingelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)