Yildirim net by Jong-Turkije

12 nov 2004 - 16:05

Hearrenfean-oanfaller Ugur Yildirim hat ôfsein foar de wedstriid Jong-Turkije tsjin Jong-Eastenryk. De spiler en de klub binne it der oer iens dat de wedstriid net yn it drokke skema past.

De seleksje fan Yildirim luts omtinken om't er twa paspoarten hat en ek neamd wurdt as takomstich rjochtsbûten fan Oranje. Yildirim wol sels leaver foar Turkije spylje. Mar as er dêr net foar útnoege wurdt, wol er ek wol foar Nederlân útkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)