Yildirim moat kieze

11 jan 2005 - 16:42

Hearrenfeanspiler Ugur Yildirim makket nije wike in kar foar it Nederlânske of it Turkse alvetal. Yildirim is troch Turkije frege foar it freonskiplike duel tsjin Tunesië op 9 febrewaris. Op dyselde dei is ek de wedstryd tusken Ingelân en Nederlân. Dêr wurdt Yildirim ek foar útnoege.

Yildirim is no mei SC Hearrenfean op treningskamp yn Turkije. Hy hat nije wike in petear mei bûnscoach Van Basten en makket dan syn kar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)