Yildirim makket Oranjedebút

10 feb 2005 - 12:10

Hearrenfeanspiler Ugur Yildirim hat woansdei yn en tsjin Ingelân syn debút makke foar it Nederlânsk alvetal. Hy foel yn 'e 67e minuut yn foar Romeo Castelen fan Feyenoord. De wedstriid einige doelpuntleas yn 0-0.

Yildirim is de fjirde Hearrenfeaner yn it Nederlânsk alvetal. Earder diene dat Abe Lenstra, Germ Hofma en Jeffrey Talan. Oare spilers lykas Ruud van Nistelrooy spilen wol foar Hearrenfean, mar hellen Oranje net by dy club.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)