Yildirim fuort by SC Heerenveen

11 jul 2006 - 11:45

Fuotballer Ugur Yildirim driget SC Heerenveen te ferlitten. De spiler gie sneon fuort út Koudum, dêr't Hearrenfean in oefenwedstryd spile. Hy wie teloarsteld neidat trainer Verbeek him fertelde dat er net spylje soe.

Verbeek hat begryp foar syn teloarstelling, mar fynt ek dat Yildirim syn ekskuses oanbiede moat oan de oare spilers. Yildirim wol dat net en driget mei syn saakwaarnimmer. Moandei kaam er net op de training.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)