Yge Visser wurdt grutmaster

16 apr 2006 - 12:45

Skaker Yge Visser wurdt grutmaster. Troch in remise tongersdei tsjin Sipke Ernst yn de Meesterklasse hat er syn tredde grutmasternoarm helle. Visser krijt de titel yn juny.

Visser is in letbloeier; it is frij bysûnder dat in skaker op 42-jierrige leeftyd grutmaster wurdt. Koartlyn pleatste Visser him foar de twadde kear foar it Nederlânsk kampioenskip, yn juny.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)