Yge Visser wer nei NK skaken

28 mrt 2006 - 09:10

Skaker Yge Visser hat him sneintemiddei pleatst foar de finale fan it Nederlânsk kampioenskip skaken. Hy die dat troch yn Hilversum in oare Fries, Sipke Ernst fan Damwâld, op 'e nij te ferslaan.

Ferline wike tongersdei hie Visser de earste partij fan harren twakamp ek al wûn. It NK wurdt heal juny yn Hilversum ferspile. De ôfrûne jierren waard it noch yn Ljouwert hâlden. Foar Visser is it de twadde kear dat hy it NK spilet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)