Yellow Cab Terschelling mei net ride

20 aug 2015 - 06:42

De Inspectie Leefomgeving en Transport hat it taksybedriuw Yellow Cab Terschelling stillein. Dat meldt it fakblêd Taxi Pro. De keuring fan de meters yn de taksys wie ferrûn. De taksys meie de dyk wer op at alles op 'e nij keurd is, seit eigener Dirk Verhaagen fan it Skylger taksybedriuw. It giet om sân taksys. De keuring wie sûnt in pear wiken ferrûn, seit Verhaagen.

Hy is lulk dat syn bedriuw stillein is en hie leaver in boete hân. Neffens him wurde de taksymeters hielendal net brûkt. It bedriuw brûkt ferskate sônes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)