Ychtenbrêge skrikt fan bouplan

17 feb 2009 - 22:57

Ychtenbrêge krijt in appartemintegebou fan 27 hierwenten, in multyfunksjoneel gebou en romten foar de skoalle en de berneopfang. Dit alles wurdt boud op it plak der't no noch 25 hierwenten steane. Dy wurde sloopt.

It appartemintegebou krijt trije boulagen en dat fine in soad doarpsbewenners te heech. It falt ek net goed dat de wenningboukorporaasje in multyfunksjoneel gebou delset, want dat is konkurrinsje foar it doarpshûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)