Ybema wol net mear nei Den Haach

29 apr 2003 - 00:00

Gerrit Ybema ambieart gjin funksje yn Den Haach, as syn partij D66 mei CDA en VVD it nije regear foarmet. Hy hat njoggen jier keamerlid west en fjouwer jier steatssekretaris fan Ekonomyske Saken. Dat wie genôch, sa seit er.

De Fries hat wurdearring foar de koers dy't fraksjefoarsitter Dittrich yn de ûnderhannelingen mei CDA en VVD fart. De demokraten freegje mear jild foar ûnderwiis en de kennisekonomy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)