Yad Vashem foar famylje Rosier

11 jan 2012 - 17:24

Foar Siebrendina Meindertsma-Rosier (92) wie it in hiele spesjale dei. Har âlden Jan Rosier en Martsje Rosier-Boelens krigen postúm de Yad Vashed-ûnderskieding útrikt troch it Israelyske regear. Se krije de spesjale ûnderskieding om't it echtpear op syn pleats yn Ferwert yn de Twadde Wrâldoarloch 16 moannen lang in joadske ûnderdûker hân hat, Jozeph de Haan fan Amsterdam.

De Haan libbet noch hieltyd en hat de Rosiers foardroegen foar de ûnderskieding. De ûnderdûker Jozeph de Haan wennet yn Australië. Hy hat fia in skype-ferbining de útrikking folge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)