Xtc-pillen op Flylân

26 jul 2009 - 16:09
  • Op de fearboaten nei Flylân en Skylge wurdt op it stuit kontrolearre op drugs

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein op Flylân in man (22) út Almere oanholden. Hy stie te swaaien mei in pûdsje xtc-pillen. Dat die er op in kemping oan de Kampweg.

Minsken seagen dat en warskôgen de plysje. Nei ferhoar op it plysjeburo mocht er wer fuort. Syn 24 pillen binne yn beslach nommen. Der wurdt op it stuit wol kontrolearre op de fearboaten nei de eilannen op it besit fan drugs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)