Xerox-personiel nei Limburch

14 okt 2000 - 15:53

Wurknimmers fan Xerox op It Hearrenfean moatte mei it bedriuw meiferhúzje nei Venray of se krije dien. De Fryske fêstiging fan it bedriuw, dat printers en kopiearapparaten makket, giet ticht.

It fakbûn stapte tongersdei út it oerlis mei de direksje om't dy it sosjaal plan ôfwiisde. De ûndernimmingsried ûndersiket oft de sluting nedich is. It bedriuw hat 55 wurknimmers yn fêste tsjinst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)