Xander Houtkoop fielt him thús by SC Cambuur

11 aug 2015 - 16:41
  • Cambuur oanwinst Xander Houtkoop fielt him thús yn Ljouwert

Foar Xander Houtkoop fielt de oerstap nei SC Cambuur as in soart fan thúskommen. De nije linkerspits dy't oerkaam fan ADO Den Haach hat 15 jier yn Fryslân wenne doe't hy yn de jeugd fan SC Hearrenfean spile.

Houtkoop ferstiet it Frysk en komt noch geregeld by syn gastâlden yn Gersleat. Dat it yn de fuotbalwrâld rap feroarje kin, blykt út de transfer dy't hy nei SC Cambuur makke. By ADO Den Haach kaam hy net mear foar yn de plannen fan de trainer, fan Henk de Jong krijt hy fuortendaliks in basisplak.

Foar Houtkoop wie it betrouwen dat trainer De Jong yn him útspruts fan grut belang om in kontrakt foar trije seizoenen te tekenjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)