Xander de Buisonjé net yn Thialf

20 jun 2003 - 00:00

It konsert fan Xander de Buisonjé yn it Thialf-stadion giet net troch. Net fanwege sykte of oare saken. Der wiene nammentlik noch gjin 100 kaartsjes ferkocht. De Buisonjé soe nije wike freed yn de iishockeyhal optrede.

Thialf hie de stân opfrege by Ticketservice en it die bliken dat der noch net folle kaarten ferkocht wiene. Thialf hat in grutte skuld en wol gjin risiko's nimme. It kontrakt mei de sjonger moat noch wol ôfkocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)