Wytmarsumer langer fêst

04 okt 2006 - 15:25

De 41-jierrige Wytmarsumer dy't fêst- sit foar ûntucht mei 6 minderjierrige famkes bliuwt noch in moanne sitten. Dat hat de rjochtbank bepaald. De man sit sûnt heal septimber yn foararrest.

Fiif fan de slachtoffers kamen as oppasbern yn it hûs fan de man. De ûntucht soe tusken maart en septimber west hawwe. De man ûntkent alle saken. De frou fan de man wurdt net fertocht. Begjin novimber wurdt opnij besjoen oft de man yn de sel bliuwe moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)