Wytmarsum wint Jong Feintepartij

27 jul 2006 - 14:59

Ek de twadde edysje fan de Jong Feintepartij yn Easterein is wûn troch de ôfdieling Wytmarsum. De keatsers Jacob Zaagemans, Herman Sprik en Gert Jan Meekma fersloegen yn de finale op 5-1 en 6-6 it trio fan Goutum. Dat bestie út Hendrik Tolsma, Terry van der Eng en Jan Sjoerd Tolsma.

De tredde priis wie foar de ôfdieling Wommels. Der stiene by dizze junioarepartij 24 partoeren op 'e list.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)