Wytmarsum wint Bangmapartij

02 maaie 2010 - 17:54
  • It partoer fan Wytmarsum yn 'e krânsen (foto's: Henk Bootsma)
  • It waar siet net echt mei

It keatsseizoen is útein setten mei de tradisjonele Bangmapartij yn Weidum. De finale gong tusken Wytmarsum mei Herman Sprik, Folkert van der Wei en Gert Jan Meekma tsjin Minnertsgea mei Chris Wassenaar, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra.

De finale waard beslist op 5-5 en 6-6 troch in sitbal fan Folkert van der Wei fan Wytmarsum. It Hearrenfean mei Sybren Gerbens, Douwe Groenendijk en Alle Jan Anema waard tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)