Wytmarsum tsjin wynmûneparken

19 okt 2012 - 11:12

Doarpsbelang Wytmarsum is it net iens mei de plannen foar wynmûneparken op trije plakken yn Fryslân. Dat stiet yn in brief dy't doarpsbelang nei de provinsje stjoerd hat.

De provinsje ûndersiket of it mooglik is om wynmûnen op trije plakken te konsintrearjen: yn de trijehoeke Harns-Boalsert-Makkum, yn de Iselmar tusken Koarnwertersân en Breesândyk en oan de A7 by It Hearrenfean. Neffens Wytmarsum leit de provinsje op dy wize de lêsten by in te lytse groep Friezen del.

Doarpsbelang is der boppedat min oer te sprekken dat it de plannen net tastjoerd krigen hat en net útnoege wie foar de iennichste ynrinjûn oer it ûnderwerp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)