Wytmarsum: noch gjin krisisteam

02 okt 2006 - 22:44

It Krisis Yntervinsje Team fan ûnderwiisburo Cedin stiet klear om by te springen as de ûntuchtsaak yn Wytmarsum foar problemen op de legere skoalle soarget. It spesjale team is yn juny fan dit jier yn it libben roppen om te helpen by ferskate problemen. Sa kin it team bygelyks byspringe by it ferstjerren fan in learaar of by seksueel misbrûk.

De skoalle yn Wytmarsum hat oant no ta noch net om help frege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)