Wytmarsum net op FK Pelote

18 jun 2014 - 06:06
  • It Plein fan Easterlittens

De earste twa wedstriden fan it 16e Iepen Frysk kampioenskip Jeu de Pelote yn Easterlittens gean woansdeitejûn net troch. Titelferdigener Wytmarsum en it team fan Frjentsjer hawwe har weromlutsen fanwege de fuotbalwedstriid fan Nederlân tsjin Australië op it WK. De tredde wedstriid tusken Easterlittens en Minnertsgea giet wol troch, dy begjint om 20.30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)