Wytmarsum krijt rekreaasjepark

23 jan 2007 - 22:44

By Wytmarsum moatte 80 rekreaasjewenten komme. Ek is der in plan foar in minigolfbaan fan 18 holes. It plan fan eigner Boersma fan rekreaasjesintrum Mounewetter is tiisdeitejûn presintearre.

Boersma wol ek in bowlingbaan en inkelde hotelkeamers. It nije kompleks moat oan de súdkant fan it doarp komme. It giet om in ynvestearring fan 13 miljoen euro. At alles meisit soe it plan ein 2009 klear wêze moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)