Wytmarsum kampioen pelote

28 jun 2013 - 22:22
  • De finale
  • Yn 'e rein
  • It Plein fan Easterlittens

Yn in spannende finale hat Wytmarsum foar it earst it iepen Frysk kampioenskip Jeu de Pelote wûn. Op it Plein fan Easterlittens waard Wommels, de kampioen fan 2012, mei alles oan 'e hang ferslein. Wytmarsum gie mei in 5-4 foarsprong it skoft yn. Spitich dat it twadde bedriuw yn 'e rein ferkeatst wurde moast. Dochs gongen de beide ploegen fol foar de winst op de glêde klinkerts.

Op 9-9 en 40-40 makke Herman Sprik mei in boppeslach dien wurk. Hy keatste mei Broer Jan Zaagemans, Gert Jan Meekma, Jaring Nicolai en Folkert van der Wei.

Wommels keatste mei Jacob Klaas Haitsma, Gerrit Flisijn, Jaap Toering, Erik Haitsma en Redmer Strikwerda.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)