Wyt- en brúnguodsektor ynsakke

21 feb 2013 - 14:05
  • Televyzjes wurde minder ferkocht fanwege krisis

Winkels dy't televyzjes, waskmasines en oare húshâldlike apparaten ferkeapje, hawwe it dreech. De krisis is yn de brún- en wytguodsektor sa stadichoan ek goed te fernimmen, sa docht bliken út ûndersyk.

'Minsken wachtsje mei de oankeap fan nije apparaten oant de âlde stikkengean. De tiid fan fun-oankeapen is foarby', seit Erik Meijer, eigener fan de Expertwinkel yn Burgum. Neffens himme nimt foaral de ferkeap fan televyzjes ôf. It komt der foar ûndernimmers no op oan. De klanten komme net mear fansels. Der moat hurd foar wurke wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)