Wyt buske is bêzje Peugeot

13 jul 2006 - 16:55

De plysje siket net langer in wyt bestelbuske dat belutsen wêze soe by it ûngelok mei in molkauto tiisdei op de N359 by Harich. Omdat der ûndúdlikheden wiene hat de plysje de sjauffeur fan de kantele frachtwein heard. No docht bliken dat hy net remje moast foar in bêzje Peugeot 205 mei in oranje stikker achterop.

De plysje freget de bestjoerder fan de Peugeot him of har te melden. Ek siket de plysje noch hieltyd tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)