Wynwizers werom yn Grou

23 jul 2012 - 20:28
  • Grou

Twa âlde wynwizers bin werom yn Grou. It giet om ien mei it wapen fan Grou en ien mei dat fan Idaerderadiel. Oant de jierren fyftich fan de foarige ieu stiene se op De Waach. Doe't dy sloopt waard soene se fuortsmiten wurde, mar De Vrieze hat se doe meinommen. Nei wat omswervings binne se moandei wer te plak brocht.

De widdo fan De Vrieze hat se skonken oan de eigners fan kafee "D'Oude Oost". Se wennet dêr flakby en kin se sa alle dagen besjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)