Wynwizer Wetterpoarte opknappe

18 aug 2014 - 11:58
  • Wynwizer fan de Wetterpoarte
  • Wetterpoarte yn de steigers

De Snitser Wetterpoarte rekket de kommende wiken ien fan syn beide tuorren kwyt. Der wurdt goed fjouwer meter fan de toer ôfhelle om de wynwizer te reparearjen. Dy is oktober ferline jier fan de toer ôfwaaid mei de stoarm en dêrby is in part ôfbrutsen. Om der goed by te kinnen moat it hiele dak der ôf.

Foar restauraasjebedriuw De Jong út Warkum is it in hiel bysûndere klus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)