Wynwizer wer op Poarte Bears

11 des 2012 - 12:39
  • De wynwizer wurdt op de naal fan it dak set
  • Poarte fan Bears heal yn 'e stegers

De earste faze fan 'e restauraasje fan de Poarte fan Bears is klear. Tiisdei waard de wynwizer weromset nei in yngreven opknapbeurt fan de muorre. De gevel oan de súdwestkant is no wer yn goede steat. Takom jier moat yn de twadde faze de rest fan de poarte dien wurde. De toer stiet noch yn de stegers.

De poarte is in oerbliuwsel fan de eardere stins Uniastate. Dy stins is by wize fan replika yn de foarm fan in izeren staketsel neiboud op it terrein achter de poarte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)