Wynmûneplannen net oanpast

20 jun 2013 - 20:10

Minister Schultz van Haegen sil de provinsje net twinge har wynmûneplannen oan te passen. De Christenunie yn de Twadde Keamer hie de minister dêr om frege, om sa ek losse wynmûneplannen in kâns te jaan.

Neffens Twadde Keamerlid Dik-Faber fan de Christenunie soene dy lokale inisjativen op folle mear stipe rekkenje kinne as de grutte wynmûneparken dy't de provinsje wol. De minister wol de provinsje lykwols net yn it paad sitte, sa sei de minister tongersdei yn de Twadde Keamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)