Wynmûneparken op see by Skier

27 jul 2009 - 15:39
  • Huizinga hat in fergunning ôfjûn foar 175 wynturbines boppe Skiermûntseach

Steatssiktaris Tineke Huizinga fan ferkear en wettersteat hat moandei fergunnings ôfjûn foar trije wynmûneparken yn de Noardsee. De parken fan trije Dútske bedriuwen komme mooglik 56 kilometer boppe Skiermûntseach.

Oft de parken dêr komme is ôfhinklik fan in subsydzje fan it ministearje fan ekonomyske saken. Oer dy subsydzje wurdt yn 2010 in beslút naam. De gemeente Skiermûntseach sil de fergunnings kritysk besjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)