Wynmûnepark yn Iselmar te grut

23 nov 2013 - 11:04
  • Wynturbinepark op see

Partikuliere eigeners fan wynmûnen yn Fryslân sjogge de plannen foar in grut wynmûnepark yn de Iselmar net sitten. Dizze eigeners, wêrûnder de doarpsmûnen, binne ferienige yn it Platform Duurzaam Fryslân. Sy fine dat in 400 megawatt grut park foar de Iselmarkust by Makkum net past by Fryslân. It is te grut en de Fryske befolking hat der lêst fan, mar dielt net mei yn de opbringst fan dy wynmûnen. Boppedat is der in better alternatyf dat earder presintearre is troch it platfoarm mei de Fryske Miljeu Federaasje en it Comité Hou Fryslân Mooi.

Deputearre Steaten binne posityf oer dat alternative plan. Dêrby komt der romte om yn goed oerlis en dielname fan de streek lytsere klusters wynmûnen del te setten op it fêstelân. Dat soe de komst fan grutte parken op dat fêstelân oerstallich meitsje, mar de plannen foar it wynmûnepark yn de Iselmar binne noch net fan tafel. De Fryske wynmûne- eigeners binne net perfoarst tsjin wynmûnen yn dy Iselmar, mar net op dizze skaal en mei net Fryske eigeners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)