Wynmûnepark NOP moat der komme

06 jan 2011 - 16:28

It kabinet wol fierder mei it wynmûnepark Noardeastpolder. De ministers Verhagen en Schulz-Van Haegen hawwe it ynpassingsplan dat dêrfoar nedich is fêststeld. De komst fan it grutste wynmûnepark fan Nederlân is dêrmei wer in stap tichterby kaam. In part fan it park komt op Fryske grûn, dat fan de gemeente Lemsterlân.

Dit is tongersdeitemiddei bekend makke op in byienkomst op it provinsjehûs yn Lelystêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)