"Wynmûnepark Iselmar kin beskerme fûgels bot treffe"

22 feb 2016 - 16:21
  • Besteande wynturbines by Koarnwertersân

De plannemakkers foar in wynmûnepark yn de Iselmar moatte mear ûndersyk dwaan nei de gefolgen foar fûgels. Dat advisearret in ûnôfhinklike MER-kommisje dy't ûndersyk docht nei it effekt op it miljeu. Yn it gebiet dêr't de mûnen komme moatte, libje beskerme fûgelsoarten. Dy kinne in wichtich gebiet kwytreitsje.

De plannemakkers hawwe maatregels besjoen, mar noch net goed útwurke. Dat soe wol moatte, fynt de ûndersykskommisje. De plannemakkers hawwe oanjûn it advys fan de kommisje Miljeu Effekt Rapportaazje oer te nimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)