Wynmûnen yn striid mei natuer

01 jul 2013 - 14:44

It is noch mar de fraach oft alle wynmûneplannen fan de provinsje Fryslân wol útfierd wurde kinne. Neffens it ûndersyksburo Bos & Van Rijn bestiet der in kâns dat de wynmûneplannen foar de kop fan de Ofslutdyk ôffalle. Ek de komst fan it wynpark yn de Iselmar is ûnwis. Beide plannen binne neffens it ûndersyksburo yn striid mei de natuerbelangen yn it gebiet. It regear en de provinsje moatte alternatieve lokaasjes foar dizze plannen sykje, omdat der in kâns is dat se de einstreek net helje.

Dat stiet yn in geheim diel fan it rapport fan Bos & Van Rijn. Troch in berop op de Wet Openbaarheid van Bestuur is dat iepenbier wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)