Wynmûnen by spoar Bûtenpost

25 aug 2006 - 16:05

By Bûtenpost kin by it stik spoar nei Grins ta in groep wynmûnen delsetten wurde. Dat fine boargemaster en wethâlders fan Achtkarspelen. It spoargebiet is neffens har in bettere opsje as in lokaasje by it Langfal yn Surhuzum.

Allinnichsteande mûnen op bedriuweterreinen wol de gemeente net tastean. Begjin dit jier stie it plan ek al op de politike aginda, mar doe kaam it net ta beslútfoarming.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)