"Wynmûnen net yn Iselmar"

27 okt 2014 - 16:46
  • Wynturbinepark op see

Aksjegroep Don Quichot wol juridyske stappen nimme as de provinsjale polityk dochs beslút om in wynmûnepark ta te stean yn de Iselmar. Tiisdei makket Deputearre Steaten har stânpunt bekend oer de takomst fan wynenerzjy yn Fryslân.

Mei elkoar moat der sa'n 550 megawatt oan wynmûnen boud wurde om oan de lanlike ôfspraken te foldwaan. In part fan dy wynmûnen soene op it lân komme, mar ek de Iselmar is ien fan de mooglike lokaasjes. Don Quichot is der fûl op tsjin en fiert ek al jierren aksje tsjin de plannen.

Ek de kommende twa moannen steane der noch ferskate aksjes pland. Op 17 desimber nimme de steaten in beslút oer de wynnmûneplannen en Don Quichot wol dan mei safolle mooglik minsken foar it Provinsjehûs aksjefiere. As dat net helpt, stappe se nei de rjochter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)