'Wynmûnen net mear te kearen'

06 jan 2011 - 20:42
  • De wynmûnen fan it strân ôf by Urk

It megawynmûnepark dat komt yn de Iselmar is net langer te kearen troch de gemeente Lemsterlân. De ryksoerheid hat alle beswieren fan de gemeente oan de kant lein. Oare beswieren binne ek fan tafel en dêrmei liket it park fan goed 86 megawynmûnen in flinke stap tichterby. Seis wynmûnen fan goed 95 meter heech komme op it grûngebiet fan de gemeente Lemsterlân.

De gemeente hopet no op kompensaasje foar mooglike skealike gefolgen en wol dêroer yn petear mei de minister.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)