Wynmûnen boppe Skier

15 maaie 2014 - 06:41
  • Wynturbinepark op see

De finansiering fan in grut wynmûnepark yn de Noardsee boppe Skiermûntseach is rûn. Dermei kin de bou fan de 150 mûnen trochgean. It park komt 55 kilometer boppe Skiermûntseach yn de Noardsee. De 90 meter hege wynmûnen binne fan it lân ôf net te sjen, sa sizze de inisjatyfnimmers. It park kostet 2,8 miljard euro en kin enerzjy leverje oan hast 800.000 húshâldens. It moat yn 2017 klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)