Wynmûnen bedriigje koälysje

09 okt 2014 - 12:27

De FNP yn Provinsjale Steaten kiest foar de nul-opsje as it giet om nije wynmûneparken op it Fryske lân. Dy koers betsjut mooglik de ein fan de sittende koälysje fan CDA, PvdA en FNP, want de twa oare partijen binne wol fan doel om romte te bieden foar nije wynparken.

Earder dizze wike krigen sân plannen foar nije wynmûneparken op it lân in posityf advys fan de kommisje-Winsemius. Mar ek oer dy plannen is de FNP tige kritysk. Sneon meie de leden fan de partij har noch útsprekke oer wynmûnen op in ekstra ledegearkomste.

De FNP hat grutte muoite mei nije wynmûnen, omdat der no praat wurdt oer nije parken bûten de trije saneamde sykgebieten dy't yn it koälysje-akkoart steane. Deputearre Steaten komme op 28 oktober mei in stânpunt oer alle wynmûneplannen. Provinsjale Steaten sille yn desimber in beslút nimme.

De provinsje Fryslân moat neffens in ôfspraak mei it Ryk foar it jier 2020 mear sa'n 500 megawatt oan wynkapasiteit realisearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)