'Wynmûnebelied doocht net'

24 nov 2005 - 11:01

It wynmûnebeleid yn Fryslân hat gjin effekt. De provinsje woe solitêre mûnen ferfange troch groepkes turbines, mar yn plak derfan binne der allinnich mar mear allinnichsteande mûnen bykommen. En dy dogge it lânskip mear skea as klusters mûnen.

De Steaten wolle no dat ûndersocht wurdt wêrom't fan it belied net folle op de hispel komt. Dêrneist moat dúdlik wurde oft de regels foar de hichte fan de mûnen oanpast wurde moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)