Wynmûne werom by Tsjerkwert

10 jun 2013 - 12:08
  • De wynmûne wurdt by Tsjerkwert wer yn elkoar setten.
  • De wynmûne wurdt by Tsjerkwert wer yn elkoar setten.

In saneamde Amerikaanske wynmûne by Tsjerkwert is opknapt en wurdt dizze wike wer ynelkoar setten. De ûnderdielen binne de ôfrûne moannen restaurearre of nij makke troch it bedriuw Mannen van Staal, spesjalisten yn dit wurk.

De mûne is 90 jier âld en is in ryksmonumint. Dêrom is it fan belang dat it yn goede steat behâlden bliuwt. Dat is ek belangryk, omdat de wynmotor yn gefal fan need noch ynset wurdt om wetter fuort te meallen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)