Wynmûne-protest by Strontrace

13 okt 2014 - 13:33
  • Drokte by de start fan de 41e Strontrace yn Warkum

De 41e edysje fan de Strontrace is moandeitemiddei om ien oere fan start gong. Mei-inoar dogge goed tritich sylskippen mei. Doel is om sûnder gebrûk fan in motor fan Warkum nei Warmond yn de buert fan Katwyk te silen. Dit jier hawwe tal fan skippers in protestflagge hyst tsjin de komst fan grutte wynmûnen yn de Iselmar.

De Strontrace stiet bekend as ien fan de swierste syltochten fan ús lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)